Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Yesoimim/Weeskes

Yesoimim/Weeskes

€ 24,95

Snel Overzicht

21 Jiddyske gedichten
OF

Details

It earste Jiddysk Festival Ljouwert hat in spesjaal oersetprojekt oplevere mei de titel: 'Yesoymim' of 'Weesbern'.
It is in bysûnder projekt, in soarte fan leafdesferbûn tusken it Jiddysk en it Frysk, twa kleurrike en bysûndere Europeeske minderheidstalen. Lucette van den Berg, artistyk direkteur fan it festival, hat 21 Jiddyske gedichten útsocht út de Fukskolleksje. De selektearre gedichten jouwe in koarte blomlêzing fan de rike Jiddyske poëzy.
De jiddyske gedichten binne oerset nei it Frysk, troch de dichter Eppie Dam.

De 21 gedichten (yn it Jiddysk en it Frysk) binne bondele yn in folslein twatalich boekje, nammentlik yn it Jiddysk en it Frysk, mei in Nederlânske oersetting (Willy Brill) yn in inlay.
Keunstner Gijs Dragt hat foto's makke fan Joadsk Fryslân fan no en de wrâldferneamde muzikant en komponist Alan Bern hat fan in oantal gedichten lieten makke. De foto's binne te finen njonken de gedichten yn it boekje. De lieten binne opnommen troch Lucette van den Berg (sang), Alan Bern (piano), Christian Dawid (klarinet) en Sanne Möricke (akkordeon) en binne te finen op in CD yn it boekje..

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789074071130

Ek fan dizze auteur