Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Ut 'e ûnderste lagen

Ut 'e ûnderste lagen

€ 11,25

Snel Overzicht

seis ferhalen
OF

Details

Neidat Feitsma al aardich wat folksaardige ferhalen en ferskes skreaun hie, rekke er ûnder de tsjoen fan it Naturalisme, in streaming dy't yn Frankryk ûntstien wie en syn wei fûn hie nei Dútslân en Nederlân. It Naturalisme wol de wrâld mei 'wittenskiplike' krektens útbyldzje: gjin sedeprekerij, mar wierheid. Likemin as oare naturalistyske skriuwers bekroade Feitsma him om de grinzen fan fatsoen en earberheid dy't earder yn 'e literatuer yn acht nommen waarden. De skriuwer mei neat ferhimmelje en fermoaikje, ek net as de werklikheid dy't er beskriuwt ôfstjittend is. Sa ûntstie in rige fan seis ferhalen oer lju 'út 'e ûnderste lagen', minsken dy't fan earmoede de kruk fan 'e doar net fine kinne en dy't it mei de seden net altiten like nau nimme. Ferskynd yn de twadde rige Fryske Klassiken.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 90 657 0313 6