Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

US: Lân fan taal

Meer Views

US: Lân fan taal

€ 0,00

Snel Overzicht

US Lân fan Taal is in game oer Ljouwert dy'tst op dyn smartphone spylje kinst. Kinsto de kontrôle oer Ljouwert krije en dêrmei it geheim ûntraffelje?

OF

Details

- Download de game hjir foar dyn Androïd-tillefoan

Download de game hjir foar iPhone

US Lân fan Taal is in game oer Ljouwert dy'tst op dyn smartphone spylje kinst.

Spylje yn ien fan de trije faksjes om de kontrole oer Ljouwert. Fyn misjes yn Ljouwert, lis se klear foar faksjegenoaten of los se op foar skerven dêr'tsto in lokaasje mei feroverje kinst. Yn dizze game komst yn oanrekking mei bysûndere lokaasjes yn Ljouwert, mar ek mei de skiednis fan de Ljouwerter binnenstêd.

Stadichoan ûntraffelest it geheim fan de trije faksjes en wat dy mei Lân fan Taal te krijen hawwe. Wennest bûten Ljouwert? Fan kinst yn 'fûgelflecht' de misjes klearlizze en oplosse. Dêrmei fertsjinnest skerven. Ast yn Ljouwert komst, kinst mei dizze skerven lâns de lokaasjes gean en dy plakken oernimme foar dyn faksje.

Kinsto de kontrôle oer Ljouwert krije en dêrmei it geheim ûntraffelje?

De game US: Lân fan is yn trije talen beskikber: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

US: Lân fan Taal is ûntwikkele yn opdracht fan de Afûk en de Fryske Akademy mei it doel jongeren te ynteressearren foar taal. It ûntwerp komt fan game-ûntwikkeler Grendel Games.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee