Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Tseardsje Tsjantel

Tseardsje Tsjantel

€ 10,00

Snel Overzicht

Sterke stikken fan it Tsjantelgat
OF

Details

Aukje is berne yn 1954 op in pleats op Sitebuorren ûnder Grou. Nei de ULO Yn Grou folge se de oplieding foar beukerliedster yn Ljouwert. Yn 1972 waard se beneamd oan de beukerskoalle Jong Marenta yn Bitgummole. Dêr njonken hat hja de oplieding LO Frysk folge.

Yn 1981 is Aukje troud en twa jier letter, nei de berte fan har earste bern, hat se ôfskied naam fan it wurk oan skoalle. Doe't har bern,in jonge en in famke, nei skoalle ta giene ûntstie al rillegau har earste boek: Melle moat in bril ha. Hast alle jierren kaam der in berneboek fan har út. Hja wurke mei oan it Tomke-projekt en der binne ferskate Tomkeboekjes fan har hân útjûn. Ek foar folwoeksenen hat se in tal boeken skreaun, wêrûnder in boek oer har jeugd: Sitebuorren myn eigen paradys.

Yn 1998 krige Aukje de Simke Kloostermanpriis foar 'Yn piama de dyk oer', yn 2008 de Rink van der Veldepriis foar 'Sitebuorren myn eigen paradys' en yn 2015 de Rely Jorritsmapriis foar it gedicht 'Wûnderdokter'. 

Njonken it skriuwen is hja ek wer it ûnderwiis yn gien. Nei ynfalwurk krige hja in oanstelling as faklearkrêft Frysk oan de Martenaskoalle. De lêste jierren wurke se yn dieltiid yn groep 2. Yn 2011 hat se ôfskied naam en har talein op it skriuwen en it jaan fan lêzings oer har wurk. Dêrneist wie se sprekster by de Humanistyske Utfeart Begelieding.

Nei in slimme sykte is Aukje op 29 febrewaris 2016 ferstoarn.

Doarp & Sport

ISBN 978-90-827770-0-0   

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789082777000