Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Rôversguod

Rôversguod

€ 12,50

Snel Overzicht

Rôversguod - Janneke de Boer
OF

Details

Rôversguod

 

Kakarafrrr, Kakarafrrr... Mei it swit op 'e holle sjit ik oerein. Wêr bin ik? Wat is it tsjuster. Myn hannen sykje yn 'e djipswarte leechte om in werkenningspunt.

Fekke wit net wat er meimakket as er op Fjildster Utbuorren ûntdekt dat ien fan de swarte roeken op 't hiem prate kin. De stammerjende (in kwaaltsje wêr't er al sûnt it ferstjerren fan mem lêst fan hat) jonge wegeret de fûgel op syn wurd te leauwen en set it bist stiekem efternei de bosk yn.

Yn har debút Rôversguod nimt Janneke de Boer dy mei op reis lâns fertriet en ûnferwachte freonskip. De fassinearjende yllu-kollaazjes fan Vera Damhuis meitsje Rôversguod op wûnderlike wize kompleet. Sla it boek gau iepen en ûntdek Fekkes fûgelwrâld!

 

Skriuwer : Janneke de Boer

ISBN : 9789491536373

Utjouwerij Louise

48 siden, ynbûn

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789491536373