Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Philologia Frisica

Philologia Frisica, Anno 2008

Normale prijs: € 25,00

Special Price € 5,00

OF

Details

Yn Phililogia Frisica 2008 stiet in seleksje fan de lêzingen dy't hâlden binne op it Frysk Filologekongres 2008. It Frysk Philologenkongres is in trijejierliks kongres organisearre troch de Fryske Akademy. It tema fan it kongres wie yn 2008 'Balâns en Perspektyf fan de Frisistyk. 70 jier Fryske Akademy en hoe no fierder?' Yn guon artikels komt dat tema oan 'e oarder. It Frysk Filologekongres rjochtet him op it ûndersyk fan alle Frysk fan doe en no, op 'e Frisistyk yn de breedste sin. De bondel jout dan ek in grut ferskaat oan artikels, ûnderbroacht yn de rubriken Aldfrysk, Leksikografy, Letterkunde/Kultuerskiednis en Taalsosjology/Sosjolinguistyk.
Foar it Frisistysk ûndersyk is it fan belang om in breed perspektyf foar eagen te hâlden. Sa stiet yn de rubryk Leksikografy ek in mear algemien artikel oer nije leksikografyske ynsjoggen en mooglikheden. Yn de rubryk Letterkunde/Kultuerskiednis stiet yn ferbân mei it belang fan ferliking in artikel oer Súd-Afrikaanse literatuer en ien oer de ûntwikkeling fan it Nynorsk yn Noarwegen.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789062739080

Ek fan dizze auteur