Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

nei Berlyn- ferhalebondel mei cd

nei Berlyn- ferhalebondel mei cd

€ 10,00

Snel Overzicht

nei Berlyn - Bennie Huisman
ferhalebondel mei cd
OF

Details

nei Berlyn - Bennie Huisman

In ferhalebondel mei CD fan Bennie Huisman


Berlyn is hjoed-de-dei ‘a place to be...’ It is in magneet, foar minsken út de hiele wrâld, foar toeristen en foar oaren, dy’t der wenje, wurkje of studearje wolle. Bennie Huisman reizge de ôfrûne jierren geregeld nei de stêd, allinne of mei oaren.

Hy ferkende de stêd, te foet of op ‘e fyts. En ferdjippe him út histoaryske, muzikale en literêre ynteresse wei yn de roerige skiednis fan Berlyn yn de 20e iuw, dy’t yn stekwurden te fangen is: Weimar-republyk & krisisjierren, the roaring Twenties, Hitlertiid, terreur, oarloch & Holocaust, besetting, blokkade, Luftbrücke, de Muorre & Kâlde Oarloch.
En yn 1990: ien stêd, ien lân.
Wa’t troch de stêd swalket wurdt rûnom konfrontearre mei dat ferline. Of sa’t it by in tentoanstelling ferwurde waard: Eine Stadt errinnert sich... En dat bart meast sûnder it dwaan en litten fan de heiten en memmen, paken en beppen te ûntsjen.
Yn de bondel 'nei Berlyn' de ferhalen, fan ûnderfinings en fan moetings, mei minsken fan hjoed, en mei spoaren fan dat pynlike Berlynsk ferline, dêr't de wûnen fan noch altyd sichtber en fielber binne.
Op de CD in muzikale delslach dêrfan en histoarysk materiaal.

 

Utjouwer: De Goedkope Winkel 2016

64 siden, paperback

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee

Ek fan dizze auteur