Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Marten Hepkes Bakker - Dan krije ek de fûgels dien

Marten Hepkes Bakker - Dan krije ek de fûgels dien

Auteur: Abe de Vries
€ 12,50

Snel Overzicht

Marten Hepkes Bakker - Dan krije ek de fûgels dien
gedichten
Abe de Vries
OF

Details

Marten Hepkes Bakker - Dan krije ek de fûgels dien


Abe de Vries (Gearstaller en ynlieder)


Marten Hepkes Bakker (1848-1927) wie yn syn tiid ien fan de populêrste Fryske dichters. Syn fersen binne lykwols noait bondele of blomlêsd. De Fryske literêre kanon hat him folslein útsletten. Artistyk fûgelfrij en mei in fûleindige belutsenens sette er de moderne oergong yn fan idealisearre tematyk nei in naturalistyske, sosjaalkrityske poëzij. Yn syn tagonklike fersen komme de ynderlike en de bûtenwrâld gear yn natuerlike, floeiende taal, dy't romte jout oan lyryk likegoed as maatskippijkrityk. Dizze rike blomlêzing jout de Fryske iermoderne poëzij in ûnferwachte dynamyk en libennens en in hiel nije stim, dy fan ien fan de markantste dichters út it Fryske taalgebiet.

Utjouwerij Grotesk

ISBN: 9789082576221

108 siden, paperback

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789082576221

Ek fan dizze auteur