Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Lindbergh - It grutte aventoer fan in fleanende mûs

Lindbergh - It grutte aventoer fan in fleanende mûs

€ 17,95

Snel Overzicht

In bysûnder printeboek
OF

Details

It libben wie gefaarlik wurden foar lytse mûs. Oeral stiene mûzefallen, leine fijannen op 'e loer en ien foar ien wiene syn mûzefreonen ferdwûn. Mar wêr hinne? Nei Amearika?

Doe krige mûs in domdryst plan: hy soe fleanen leare! Dan koe er nei Amearika om syn freonen werom te finen. Nachtenlang wie er dwaande om in fleantúch te meitsjen dat sa'n grutte reis meitsje koe oant syn dream út kaam...

Yn dit bysûndere printeboek mei prachtige yllustraasjes hat de skriuwer en yllustrator syn fassinaasje foar fleantugen en bysûndere masines ferwurke. In wier keunstwurk!

Klik hjir foar de Dútske trailer fan it boek.
En hjir om te sjen hoe't it omslach makke waard.

Frysk, 96 siden, ynbûn, fan 7 jier ôf foar alle leeftiden

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 6273 993 6