Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

leech hert yn nij jek

leech hert yn nij jek

€ 10,00

Snel Overzicht

leech hert yn nij jek, poëzij
OF

Details

leech hert yn nij jek

Geart Tigchelaar (1987) rekkenet yn ‘leech hert yn nij jek’ ôf mei it ferline, mar sjocht ek foarút. In besykjen dat de iene kear better slagget as de oare kear.
Dat leveret poëzy op dy’t skjirret, dy’t echt is, dy’t libbet en stjert as in hert.

Geart Tigchelaar (1987) wint mei dizze debútbondel de Douwe Tammingapriis.

 

De sjuery, besteande út Elske Kampen, Albertina Soepboer en Jacobus Q. Smink, hat it poëzydebút fan Tigchelaar mei miene stimmen keazen. De sjuery beskriuwt 'Leech hert yn nij jek' as "in spannende bondel, dêr't alles yn brûkt en ynset wurdt om goede poëzy te meitsjen en dy't der beslist om freget faker as ien kear lêzen te wurden''.

wy slachten mekoar
snijden bonken út
raanden it smoar yn 'e maaitiidssinne
waarden wei troch de iepen hikke

(út: 'slachtfee')

Utjouwerij Hispel, Geart Tigchelaar, 57 siden, ISBN: 9789074516181


Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789074516181