Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 – En oare essees

Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 – En oare essees

€ 12,50

Snel Overzicht

Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 – En oare essees
OF

Details

Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 – En oare essees

Kultuer as oarsaak

Kultuerkrityk—literêre kultuerkrityk, net Donald Trump syn kultuerkrityk (“Alec Baldwin portrayal stinks.”)—nimt it wurk serieus dat tradisjoneel troch de hearskjende estetyk oan ’e kant skood is. It ljochtet de politike en ekonomyske omstannichheden troch dy’t de ynstellingen en de literêre wapenfeiten fuortbrocht hawwe. It keart de kanon de kont ta en jout omtinken oan de marzjinalisearre wurken fan de etnyskkultuerele minderheid. Mar wat bart der as dy minderheid sels in kultuerkrityk delset dy’t in elite-minderheidskultuer befoarrjochtet, dy’t ûntlient oan hege tradysjes en him ôfset tsjin populêre keunst, en as dêr dan de wrâldwiid gongbere reaksje op komt fan in kultuerkrityk dy’t tradysje fersmyt en inkeld popkultuer wurdearret en dy’t net sasear de eigen minderheidskultuer ferdigenet mar minderheids­kultueren yn it algemien? Dan is kultuer net langer mear fersiering mar essinsje: dan rjochtet de krityk him net op kultuer as gefolch, mar as oarsaak.

 

Friduwih Riemersma
ISBN 978 90 825762 0 7
Paperback 182 siden, Frysk

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 825762 0 7

Ek fan dizze auteur