Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Kuier- en fytskaart Fryslân

Kuier- en fytskaart Fryslân

Normale prijs: € 7,50

Special Price € 3,50

Snel Overzicht

Friesland per fiets of wandelend verkennen?
OF

Details

Mei dizze kuier- en fytskaart ferkenne jo de kultuer en natuer fan Fryslân. Jo sjogge it gea mei syn histoaryske Alve Stêden, mear as 1000 terpen, âlde staten, museums en de Slachtedyk. Klaaihoeke, Lege Midden en smûkskaadzjende Wâlden rinne fan Waad oant Lende. It ryk ferskaat oan natuerterreinen yn Fryslân noeget jo út ta ûntdekken. De fûgelkykhutten dy't oanjûn binne, helpe jo de greide- en wetterfûgels fan tichteby te sjen.

It fytspadenet fan de provinsje, folslein yn kaart brocht, noeget jo út om Fryslân op 'e fyts te ferkennen. Wa't leaver kuieret, fynt tal fan begjinpunten foar moaie tochten troch bosken en heidefjilden. De eigen taal is ûnderdiel fan de kulturele rykdom fan Fryslân. Fryske nammen jouwe kleur oan de doarpen, stêden en wetters yn de provinsje. De kaart is twatalich: nêst Fryske nammen fine jo de offisjele Nederlânske nammen.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9056150936