Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Klinke en drinke - Dat wie doe sa

Meer Views

  • Klinke en drinke - Dat wie doe sa
  • Klinke en drinke - Dat wie doe sa

Klinke en drinke - Dat wie doe sa

€ 15,00

Snel Overzicht

In boek mei in protte foto’s, ynterviews en ferhalen oer eartiids. Fergees by dit boek: DVD 'De witte Os'
OF

Details

Klinke en drinke.... noch altyd en oeral. Proast! Tsjoch! Sûnens! Hoe faak roppe wy dat wol net yn ús libben? Want sis no sels, feesten moatte fierd wurde. De deistige rûtine wurdt efkes oan kant setten. Klinke en drinke en mekoar it bêste tawinskje jout kleur en fleur oan it bestean. Minsken sjogge der faak nei út om gesellich yn famylje-of freonerûnte by mekoar te wêzen om wat te praten, te dûnsjen, te laitsjen en wille te meitsjen. Yn dizze tiid liket it libben wolris oan mekoar te hingjen fan feesten en eveneminten. Froeger wie dat fansels wat minder it gefal. Mar de wille wie der net minder om.

In boek mei in protte foto’s, ynterviews en ferhalen oer eartiids.


Dvd ‘De Witte Os’
As stiennen prate koene…



De Witte Os
Yn de winkelstrjitte op ’e Jouwer is it eardere winkeltsje fan Douwe Egberts, De Witte Os, festige. Hjoed-de-dei is it in museumwinkel. Jo kinne der kofje, tee, âlderwetsk snobbersguod en geskinkartikels keapje. It winkeltsje is yn de oarspronklike styl ynrjochte, mei teekisten, tabaksfetten en tabakspotten.

Museum Joure
Yn 1976 iepene it museum har doarren. Yn de earste fabryk fan Douwe Egberts, achter it wenhûs oan de Midstrjitte, waarden ferskillende kolleksjes ûnderbrocht. De kultuerhistoaryske kolleksje kofje-tee-tabak krige in plak op de begeane grûn fan it Johannes Hessel Pakhûs. De museumwinkel dêr’t fan âlds koloniale artikels oer de toanbank hinne gongen, is yn 1980 ûnderdiel fan it museum wurden. Mear ynformaasje fine jo op www.museumjoure.nl.

De DVD is ûnderdiel fan it projekt Dat wie doe sa. Mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee

Ek fan dizze auteur