Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Klassikers yn de (Fryske) literatuer

Klassikers yn de (Fryske) literatuer

€ 12,00

Snel Overzicht

Klassikers yn de (Fryske) literatuer. CD mei sympoasiumteksten
OF

Details

Cd 1
Friduwih Riemersma - Tiids tosk vs ikonoklasme

Oer de rol fan klassikers yn ús kulturele libben
Gauris ha wy it oer klassikers, ek as wy it nét oer boeken ha. Mar wat makket in klassiker eins in klassiker? Wêrom ha wy klassikers, en binne dy algemien of yndividueel bepaald? Is in kanon wat oars as in rige klassikers? Kinne wy ús eins in wrâld sûnder klassikers foarstelle? En hoe soe dy der dan útsjen? Dy en oare fragen wurde behannele.

Tryntsje van der Steege - Klassikers en de kanon

Oer it foarmjen fan in Fryske proazakanon nei 1945
Eltse literatuer hat syn kanon en syn klassikers, dus ek de Fryske. Mar hoe, wannear en troch wa is soks útmakke? Hoe wurdt in boek ta in klassiker? Wat is dêr de rol fan útjouwer en kritisy yn? Tryntsje van der Steege ûndersiket de skiednis fan nei de Twadde Wrâldoarloch en leit bleat hokker ynstituten en persoanen ús tinken oer de Fryske proazakanon beynfloede ha. Dat giet oan de hân fan in oantal útjefte-rigen fan nei 1945.

Cd 2
Eric Hoekstra - Ranking the Classics

Fjouwer Fryske klassiken hifke
Yn 2013 waard de Frankfurter Buchmesse bestoarme mei de ronkende brosjuere '10 Books from Friesland'. Eric Hoekstra lit him samar net foar de boekekroade ride en priuwt de waar earst goed. Sil it yn 'e smaak falle by in ynternasjonaal publyk? Kin de karút goedkard wurde? Jo literêre priuwmaster docht ferslach. En komt mei in goed ûnderboude ranking!

Klassikers yn de (Fryske) literatuer. Frysk, harkboek, 2 cd's

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 94 6038 095 2

Ek fan dizze auteur