Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

It wurk fan 'e duvel

It wurk fan 'e duvel

Normale prijs: € 22,00

Special Price € 7,50

Snel Overzicht

Roman oer Hartman Lautenbach, wûnderdokter yn ‘e omkriten fan Kûkherne
OF

Details

It sil tsjin trijen west ha, doe kaam as ein fan ‘e lêsten in frou mei in lijerich bern op ‘e earm yn ‘e keamer. Eke hie sjoen hoe't se it herterke yn ‘t sydkeammerke it boarst jûn hie. It hie net gûld. En doe't se it bern by Hartman op ‘e tafel út ‘e tekken tearde die bliken dat it de fuotsjes ferbaarnd hie. Ien en al fjurrich, wyld en ferswold fleis. Skriemerich fertelde de mem it ferhaal.
‘It is myn ien en al. W hawwe fiif kear in Willem krige en dit is ús sechste. Om't it bern altyd sa kâld is ha ik gauris in balstientsje yn ‘t fjoer opwaarme en dat yn in tekkentsje berôle by him yn ‘e widze lein. De lêste kears hat de stien te hyt west en is troch it tekkentsje hinne skroeid en doe hat er him de fuotsjes ferbaarnd.' Hartamn ferbûn de fuotsjes mei in kâld skrabsel fan rauwe ierappel, joech har kalkwetter mei om te waskjen en brânsalve fan baarnde alûn, mongen mei levertraan en simmels. Hy joech har de opdracht it alle dagen te ferfarskjen. Oer twa wike moast se weromkomme om it wyld fleis mei hele stien fuortbaarne te litten.

Hartman Lautenbach, wûnderdokter yn ‘e omkriten fan Kûkherne, is de haadpersoan fan de nijste roman fan Durk van der Ploeg, It wurk fan ‘e duvel. De oerwûne soan fan in Frânse soldaat leart it lapsalvjen fan syn pake en is ferneamd om syn grutte krûdekennis. Mar Hartman is in bûtensteander op ‘e heide: der geane praatsjes oer moarde en in frou, dy't him úteinliks fataal wurde.
Nettsjinsteande de folksaardige, njoggentjinde-ieuske sfear fan it boek is dit wer in echte Durk van der Ploeg; in literêre boppeslach dy't in soad lêzers oansprekke sil.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 90 330 111 23

Ek fan dizze auteur