Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

It portret - Audioboek

It portret - Audioboek

Auteur: Wilco Berga
€ 15,00

Snel Overzicht

Roman foarlêzen troch Douwe de Bildt
OF

Details

In skilder siket in oare omjouwing om te wurkjen, it leafst sa ticht mooglik by see. Yn it havenstedsje fynt er lykwols mear as allinne wurkromte en nije ynspraasje, en giet ta op in domdryste leafdesrelaasje.

In frou wurdt dea fûn op it Waad, ticht by de seedyk. Eefkes letter stiet de skilder yn it mortuarium om har te identifisearjen: Wêrom yn godsnamme? Nee, no net tinke, mar de eagen de kost jaan. Hy soe har oanreitsje wolle, waarm wriuwe. Wa sei him dat se net skyndea wie? Se hie de eagen dan wol ticht, mar striele krêft út, en grutskens. Sels no't se der as in fersûpte kat by lei op har wytplestik bêd, as wie it in feestje - jawis wie 't feest! - inkeld wat út 'e hân rûn. Just hjir, yn dizze kâlde, fijannige romte, wie har gesicht fan in grutte skientme.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789460380228

Ek fan dizze auteur