Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

It libben fan in oar

It libben fan in oar

Normale prijs: € 25,00

Special Price € 17,50

Snel Overzicht

It libben fan in oar. It thúsbringen fan in heimsinnige liftster soarget foar in grutte feroaring yn it libben fan promovendus Johan Visser út Ljouwert. Nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015
OF

Details

It thúsbringen fan in heimsinnige liftster soarget foar in grutte feroaring yn it libben fan promovendus Johan Visser út Ljouwert. Hy stoppet mei syn proefskrift oer de njoggentjinde-ieuske Fryske dichter Boate Annes de Vries en begjint oan in biografy, dy’t in bestseller wurde moat, oer in noch springlibbene operasjongeres. Net elkenien is lokkich mei syn kar: syn partner Martsje, learares Dúts oan in middelbere skoalle, sjocht har dreamde takomst mei rykdom en wolfeart yn reek opgean. En de operasjongeres wol net goed meiwurkje omdat se har priveelibben net oan Johan kwyt wol. In roman oer wat leugens binne en wat “werkelikheid” wêze mei, dy’t útrint op de fraach yn hoefierre men in oar minsk kenne kin.

Jetske Bilker (1960) studearre Algemiene Literatuerwittenskip oan de RU yn Grins. Yn 1988 debutearre se mei de roman Imitaasjelear, dêr’t se yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar krige. In nacht fan hûs (1997) wie har twadde boek. Yn 2004 skreau se it Fryske boekewikegeskink Oar plak oare tiid, dat ek yn it Nederlâns oerset waard.

 

Nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789056152840

Ek fan dizze auteur