Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

It Jubeljier

It Jubeljier

€ 21,50

Snel Overzicht

Histoaryske roman dy't spilet yn de Frânske tiid (1793-1813)
OF

Details

Dizze roman spilet yn de Frânske tiid, it tiidrek 1793-1813. Simke Kloosterman beskriuwt de striid tusken twa Ljouwerter famyljes, dy't op 'en fûlsten wurdt as de Oranjelju en de Frânskgesinde Patriotten each yn each komme te stean. Ien fan har is Ripperda, dy't it lân út moat om't er in Oranjeklant is. Oan de ein fan de Frânske tiid komt er werom en trout mei syn grutte leafde, de widdo fan de patriot Fan Rhee. De stêd Ljouwert en de Fryske Wâlden foarmje it skildereftige dekôr by it ferhaal. In part spilet yn Ingelân en Dútslân.
Yn it neiwurd jout de besoarger in oersjoch fan wat de krityk fan it boek sein hat: it boeit troch syn opset en de (natuer)beskriuwings, mar de histoaryske foarstelling is net altyd korrekt en de al te dúdlike foarkar foar de Oranjepartij stiet de dramatyske spanning yn 'e wei.
Dit boek is de werútjefte fan de fjirde printing, ferskynd yn 1994. It neiwurd is fan Ph.H. Breuker.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789089541598