Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

It each fan Eelke - kollums

It each fan Eelke - kollums

€ 12,50

Snel Overzicht

It each fan Eelke - kollums
OF

Details

It each fan Eelke - kollums

 

Eelke Lok (Drachten, 1950) wurdt gauris frege oft hy in breed bêd hat, want hy sil nachts ek wol dwers lizze. Syn deistige kollums foar Omrop Fryslân roppe tsjinstelde reaksjes op, mar de wurdearring is grut.

Nei in lange karriêre fan fjirtich jier nimt sjoernalist Eelke Lok ôfskie. Hy docht dat yn in spesjale útstjoering fan Fryslân DOK, in útstjoering dy’t snein 6 septimber op de telefyzje komt.

As jongfeint begjint Lok by de RONO, de foargonger fan Omrop Fryslân. Hy hat in brede belangstelling. Hy wit alles fan sporten as skûtsjesilen en reedriden, mar hâldt de politike ûntjouwingen yn Fryslân ek by, op gemeentlik en provinsjaal nivo.

Op Fryslân radio docht hy ferslach fan sportwedstriden, mar hy presentearret ek legendaryske politike programma’s as ‘It wapen fan Fryslân’ dêr’t er de wike yn trochnimt en lju út polityk en kultuer yn op it harspit nimt. Altyd skerp mar straight en fol humor. Letter ferfolget er syn paad by Omrop Fryslân telefyzje. Eelke Lok wurdt algemien beskôge as de bêste Fryske sjoernalist.

Yn syn kollums sjocht hy tige kritysk nei ûntjouwingen yn Fryslân. Yn dy krityk sit in lytse fyftich jier sjoernalistike ûnderfining bebakt. Dy erfaring en it kritysk fermogen hat Eelke Lok makke ta de meast ynfloedrike sjoernalist fan Fryslân. Lok hat mei nimmen moederaasje en leit de finger altyd op it seare plak. It histoaryske perspektyf fan syn kollums en de stikeljende humor meitsje de ferhalen weardefol foar no en foar de takomst.

 Yn dit boek binne de bêste kollums fan Eelke Lok bondele.

 

ISBN: 9789056153540

BINDWIJZE: Paperback

TAAL: Frysk

PAGINA’S: 160

NUR: 524

PRIJS: € 12,50

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789056153540