Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

In wrâldreis yn 80 dagen - mei app  fergees!

In wrâldreis yn 80 dagen - mei app fergees!

€ 7,99

Snel Overzicht

In wrâldreis yn 80 dagen
Jules Verne
stripboek
OF

Details


‘Jawis’, moat Phileas Fogg sein ha, ‘men kin hjoed-de-dei al yn tachtich dagen om de wrâld reizgje’.

Huh? sille jim tinke. Dat kin dochs wol yn tachtich óeren?! Ja, no wol, mei fleantugen en sa. Mar anno 1872 wie dat wol oars! Muiterij, stoarm, brânsteapels, ynstoartende brêgen, in jonkfrou yn need, drank&drugs… Alle tûkelteammen dy’t in hastige reizger treffe kinne, oerkomme de gentleman Fogg en syn reisgenoaten. Reizgje yn dit spannende stripboek mei op treinen, stoomskippen, sliden en oaljefanten! En fyn, tagelyk mei de 21e-iuwske John en Julia, út oft dizze bekende wrâldreis no fiksje is, of dochs…

Jules Verne, de grutte skriuwer en fisionêr, skreau syn boek In wrâldreis yn 80 dagen yn 1873. It ferhaal is sûnt al talleaze kearen oerset, ferfilme en bewurke… mar noch noait sa as yn dit Fryske stripboek!

Under lieding fan Bert-René Luimstra is Vernes ferhaal fannijs bewurke. Striptekener Roelof Wijtsma hat der in prachtich boek fan makke.

By it boek is in app ûntwikkele. De app befettet fansels it hiele stripferhaal (en de tekst fan de roman, yn Fryske oersetting), mar de strip is boppedat ferrike mei audio, animaasje en in hiel soad eftergrûnynformaasje.
Benammen dy ynformaasje makket de app gaadlik om te brûken yn it meartalich fuortset ûnderwiis. Skiednis, technyk, taal, geografy, ekonomy… allerhanne kategoryen krije har gerak. De app is ek spesjaal taret foar gebrûk op it digiboerd.
Yn it stripboek is in koade te finen om dy te downloaden.

Frysk, stripboek, paperback, 60 siden

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 821970 3 7