Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

In aap klimt út 'e beam

In aap klimt út 'e beam

€ 17,99

Snel Overzicht

In aap klimt út 'e beam
Koos Tiemersma
OF

Details

In aap klimt út 'e beam

Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as De ljedder en Under wetter. De lêste jierren publisearde er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman Einum bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.

Bobo de aap is ûntsnapt út ’e dieretún om him nei wenjen te setten yn ’e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn ’e fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar, om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy’t him yntroduseart by in nije, populistise beweging.

Dan giet it rap. Al gau dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma’s, rjochtet er út ’e snackbar fan Harrie Kroket wei in buertwacht op, komt er yn ’e kunde mei Spûky, de meast ûnsjogge hûn fan it lân, beswykt er foar de ferliedingen fan ’e leafde, om it mei allerhanne dubieuze útspraken úteinlik te skoppen ta listlûker fan de Nije Partij.

In aap klimt út ’e beam is in mei faasje en humor skreaune satire en foarmet in bitend kommentaar op in maatskippij dêr’t ûnfrede foar master opslacht en de waan fan ’e dei regeart.

Inkele resinsjes:

De Moanne: ‘Om echte satire meist dan laitsje kinne, mar hellest dyn siel der ek oan iepen. De humor fan de satirikus byt en struit sâlt yn wûnen. Troch gebrûk te meitsjen fan absurdisme en humor docht Tiemersma dat ek.’

Schrijverspunt: ‘In hearlik, flot skreaun boek.’

Frysk, paperback, 186 siden

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 9033 000188

Ek fan dizze auteur