Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Hjir & no - Frysktalige bernemeditaasjes

Hjir & no - Frysktalige bernemeditaasjes

€ 15,00

Snel Overzicht

Yoga en meditaasje foar bern fan alle leeftiden.
OF

Details

Hjir&no wol bern mei dizze útjefte fia harren eigen taal yn kontakt bringe mei berneyoga en meditaasje.

It boek op CD-formaat is yn full-colour, hat 24 siden en in hurde kaft. De CD is efter yn it boekje klikt. It boek en de CD befetsje trije meditaasjes mei de titels "It avontoer fan de see", "Ik bin Ik!" en "Sa frij as in fûgel".

De meditaasjes binne ynsprutsen toch de ferneamde aktrise Tamara Schoppert, bekend fan Tryater en as ferhalefertelster fan Tomke.
Yn it boek binne de meditaasjes útskreaun en kinne âlden en dosinten lêze hoe’t se de meditaasjes thús of yn ’e les brûke kinne.

De meditaasjes binne mei rêstige muzyk op CD setten. As ekstra steane de trije nûmers ek noch sûnder tekst op de CD, sadat de musyk ek ôfsûnderlik beharke wurde kin.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789081915502