Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Fryske Akademy - trije iuwen bouskiednis

Meer Views

Fryske Akademy - trije iuwen bouskiednis

€ 29,90

Snel Overzicht

Fryske Akademy - trije iuwen bouskiednis
OF

Details

Fryske Akademy - trije iuwen bouskiednis

Sûnt de oprjochting yn 1938 is de Fryske Akademy fêstige op de hoeke fan de Doelestrjitte en de Grienewei, yn it histoarysk sintrum fan Ljouwert. Notaris Nanne Ottema joech de Akademy doe de beskikking oer twa keamers yn it Coulonhûs dat in jier earder troch him oankocht waard, in prachtich betiid achttjinde-iuwsk foarbyld fan Hollânsk klassisisme.

Yn de jierren dêrnei hat de Fryske Akademy him stadich útwreide, der waarden nije gebouwen oankocht en noch wer oaren waarden nij boud. Sa ûntstie in griemmank fan gebouwen.

Yn 2006 kamen der wer bouplannen op it aljemint en doe hat de Limboarchske arsjitekt Jo Janssen besletten dat it roer om moast. Tsien jier letter is syn projekt foltôge. Janssen sette net allinnich in nij pand del, mar yntegrearre ek de ferskillende ûnderdielen fan it kompleks ta ien harmonieus gehiel, mei behâld fan harren karakteristike eigenskippen. Sa ûntstie in peareltsje fan hjoeddeistige arsjitektuer yn it hert fan Fryslân.
 

Yn dit rynsk yllustrearre boek rekonstruearje fjouwer renommearre (keunst)histoarisy de bouskiednis fan de Fryske Akademy. Hjirmei drage sy by oan in better begryp fan de Ljouwerter stedsûntwikkeling fan de ôfrûne trije iuwen.

Mei bydragen fan Hans Cools, Johan de Haan, Hans Ibelings en Leo van der Laan

Der ferskynt in Fryske,
Nederlânske en Ingelske edysje.
Einredaksje: Hans Cools

Hardcover ynbûn
mei linnen; 120 siden FC;
24x30 sm.
Untwerp: BW H ontwerpers
Fotografy: Erik en Petra Hesmerg



Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789492176332