Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Fan flierefluiters en drochstinners - Audioboek

Fan flierefluiters en drochstinners - Audioboek

€ 15,00

Snel Overzicht

Foarlêzen troch de skriuwer
OF

Details

Krekt as yn in mearkeboek stappe yn dit nije boek fan Meindert Bylsma keningen, reuzen, kabouters en bisten om. It is dan ek in 'mearkeboek', mar Bylsma neamt syn ferhalen kremearkes (krekt mearkes). It binne mearkes op syn wize en hy toant him dêrby tige fantasyryk en in skriuwer dy't it boartsjes mei de taal yn it bloed sit. Dat it  'krekt net mearkes' wêze wolle lit bygelyks de gekjeierige ein fan it ferhaal 'Punt' sjen:

'Moatte wy him no helpe en der in wenstige ein oan breidzje? Sa fan: lokkich kaam de punt ta ynkear, waard in tefreden punt en libbe noch lang en lokkich? It soe ôfbriedzjen wêze mei in falske stek. Dat dogge wy dus net. Wy binne op in dea punt bedarre, punt út.

Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed. Syn mearkes binne by de tiid.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789160380501

Ek fan dizze auteur