Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Dy iene foto - nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2016

Dy iene foto - nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2016

€ 12,50

Snel Overzicht

Dy iene foto
OF

Details

Dy iene foto

'Dy iene foto' wie it Aksjeboek fan de boekewike 2015 en in ûnderdiel fan SWALK Frysk op toernee.

Nije ferhalen foar de jeugd fan 12-16 jier.

Der is in ferhaal fan Auck Peanstra oer in muzykfestival, mar ek ien fan Rixt Weiland oer in spesjale ynwijing yn de leafde. De freondinne fan Jesse yn it ferhaal mei deselde namme fan Ate Grypstra sjocht werom op it ferskriklike rotjier, neidat hy foar de safolste kear oerboard sprong. It titelferhaal fan Jelle Bangma giet oer Gert, dy’t fan syn pake it fotografearjen leart en mear fêstleit as wat de bedoeling is. Fierder binne der in pear werkenbere ferhalen oer de wrâld fan hjoeddeiske jongeren, fan Caja Cazemier, Freddie Scheltema, Hilda Talsma en Ans Wallinga. Yn De Bildtske Robinson Crusoë krûpt Hein Jaap Hilarides yn de hûd fan Jan Cornelisz Femmes, dy’t yn 1610 foar in weddenskip in jier op it Waad sit. Rjochtdei fan Gerrit Hoekstra giet oer bisten dy’t de minsken foar it gerjocht bringe.

Frysk, ynbûn, 103 siden

 

 

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee

Ek fan dizze auteur