Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

DJ Elle en oare LinKk ferhalen

Meer Views

DJ Elle en oare LinKk ferhalen

€ 14,95

Snel Overzicht

DJ Elle
en oare LinKk ferhalen
jeugdboek
OF

Details

DJ Elle
en oare LinK ferhalen

De moaiste, spannendste, grappichste, treurichste, bêste ferhalen út it tydskrift LinKk.

In blomlêzing fan ferhalen út LinKk... Binne dy ferhalen dan sa belangryk? Ja! Foar in flink part fan de skoaljeugd foarmje dizze ferhalen it alderearste kontakt mei Fryske literatuer.  Yn goed tsien jier LinKk binne der sa’n 80 ferhalen ferskynd en dêr sieten pronkjes tusken. Reden genôch om de bêste, grappichste, moaiste, leukste, spannendste of treurichste eksimplaren nochris foar it fuotljocht te bringen.  
LinKk is in tydskrift dat útjûn wurdt troch it Sintrum Meartaligens fan Cedin en ferskynt seis kear yn it jier.

‘Bale dat de ferhalen yn LinKk sa koart binne. Ik wol altyd fierder lêze.’
                                   Famke Deelstra, 13 jier, Bornego College It Hearrenfean

 ‘Yn LinKk lês ik altyd oer dingen dy’t yn binne. It tydskrift hâldt my op ʼe hichte fan de trends. LinKk is leuk foar jonges en famkes.’
                               Klaske Smid, 13 jier, Bogerman Koudum

 Frysk, ferhalen 12-15 jier, paperback, 104 siden, útjouwerij Afûk

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee