Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië

Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië

€ 24,95

Snel Overzicht

Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië
Freark J. Beuckens
1947-1950
OF

Details

Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië
Freark J. Beuckens
1947-1950

‘Jonge ja, merdeka, frijheid fan de T.N.I. fêst, dy hawwe teminsten oars noch neat dien as de boel yn de war skoppe. Dy stommelingen fan ynlanners, se binne grif ferjitten dat wy harren út de rotsoai holpen hawwe en dy hûnderten jonges dy't harren libben jûn hawwe om hjir oarder en rêst werom te bringen, dy telle fêst ek net mei. 't Is om gleon te wurden. Skoalbern stieken no de fûst tsjin ús omheech en in pear jier tebek doe't se noch yn harren neakene niksje rûnen, doe tomken se foar ús as der in auto mei militêren lâns kaam. Se tinke fêst dat se harren wolfeart oan Soekarno en syn trawanten te tankjen hawwe. It is bedroefd, yn ien wurd. Undertusken binne de earste offers alwer wer brocht.’

Earlik en rjochút beskriuwt Freark Beuckens fan Nijemardum wat er belibbet as tsjinstplichtich soldaat yn it Yndië fan de ûnôfhinklikheidsstriid tusken 1947 en 1950. Mar ek wat er fielt by it sjen fan de oerweldigjende natoer of de earmoed fan de ynlanners. En hy hat sa syn gedachten oer de politike en militêre autoriteiten dy’t him dêr hinnestjoerd hawwe. Hy wurdt hieltyd kritysker.  Syn oantinkens oan syn faam Klaasje set er tsjinoer it byld fan de prachtige famkes dy’t harren bleat jouwe by it waskjen yn de kali: de striid tusken ûnthjit en langst, tusken tropenacht en sûndebesef  fan in grifformearde jonge út Gaasterlân.
Mei sa'n 170 foto's dy't Beuckens yn Yndonesië makke hat.

Yn de rin fan de sechstiger jierren fan de foarige iuw is in begjin makke mei it trochbrekken fan it grutte swijen oer Yndië  en komt der hieltyd mear foar it ljocht fan wat dêr santich jier lyn bard is. Yn it jier dat dit deiboek it ljocht sjocht, is it grutte nije ûndersyksplan fan de dekolonisaasje fan Yndië klear. Yn 2021 moatte de resultaten bekend wêze yn de foarm fan trije oant seis publikaasjes.  Dit boek kin, mei de oare deiboeken dy’t ferskynd binne of noch fûn wurde, in bydrage leverje ta dat ûndersyk.

Besoarge troch Popke Popma en Tsjerk Veenstra

Frysk, ynbûn, útjouwerij Afûk, 431 siden

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 94 92176 53 0