Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De wrâld fan Brolsma

De wrâld fan Brolsma

€ 17,50

Snel Overzicht

Seis essees
OF

Details

Reinder Brolsma wie de meast lêzen Fryske skriuwer yn 'e earste helte fan de 20ste ieu en noch altyd is syn wurk bysûnder nijsgjirrich. Seis skriuwers fan hjoeddedei beljochtsje yn dizze bondel ûnderskate aspekten fan syn wurk. Se litte sjen dat Brolsma folie mear wie as inkeld in skriuwer fan 'boereromans'.

Janneke Spoelstra ûndersiket de rol dy't it doarp Stiens yn it wurk fan Brolsma spilet. Eric Hoekstra bücht him oer de rubryk 'Gesprekken op de brug', dy't Brolsma de jierren troch yn it Ljouwerters skreaun hat. Willem Winters analysearret de beskriuwingskeunst. Abe de Vries hat de sosjalistyske boerfûn, dy't Brolsma's roman 'Sate Humalda' ynspirearre hat. Piter Boersma lies de swalkers-ferhalen op 'e nij en Doeke Sijens ûntduts yn de striejonker, de haadpersoan fan de roman Grûn en minsken, in selsportret fan de auteur.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789033008825

Ek fan dizze auteur