Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De trije klokketiers fan Koartsweagen  Janny van der Molen

De trije klokketiers fan Koartsweagen Janny van der Molen

€ 15,00

Snel Overzicht

De trije klokketiers fan Koartsweagen

Janny van der Molen
OF

Details

De trije klokketiers fan Koartsweagen

Janny van der Molen

Pier giet mei syn klasse op skoalreiske. Hy is tige teloarsteld dat se dit jier net nei in waadeilân sille lykas oars, mar nei Koartsweagen. Krammele. Koartsweagen. Dêr is dochs hielendal neat te dwaan?!
Mar as er mei Lars, syn freon, alfêst op Google Maps de kampearbuorkerij opsiket, krije se in idee.
It tsjerkhôf tsjinoer de pleats: soe dêr nachts wat te belibjen wêze? Noortje, dy’t ek altyd wol yn is foar wat aventoer, giet grif mei!
En sa begjint in frjemd ferhaal. In ferhaal fan klokken dy’t Pier wol heart, mar de oaren net. Fan in brief fan hûndert jier âld. Fan in klok yn Brabân, in klok dy’t werom moat nei Koartsweagen, om in man dy’t al lang dea is lokkich te meitsjen. Krije Pier, Lars en Noortje – de trije klokketiers – de klok fan fiifhûndert kilo yn Koartsweagen?

Utjouwerij Bornmeer

ISBN: 9789056154707

Ynbûn, 109 siden

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789056154707