Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De trekker fan Troje - Hein Jaap Hilarides

De trekker fan Troje - Hein Jaap Hilarides

€ 19,95

Snel Overzicht

De trekker fan Troje

Hein Jaap Hilarides
OF

Details

De trekker fan Troje

Hein Jaap Hilarides

Identititeit, de Fryske saak, leafde en wraak, dat binne de tema’s fan dizze Bildungsroman. Stap foar stap wurket Hilarides ta nei in thrillerachtige ûntknoping.

Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr’t de Wassenaars al generaasjes op buorkje. Heit Klaas Wassenaar is harren foarbyld. Yn 1990 wie hy de lieder fan in grutte boereaksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean.
Tweintich jier letter stride Friso en Hero foar de autonomy fan Fryslân. Mei in leger fan trekkers besette se Brussel.Dan komt heit ûnder in muorre en ferûngelokket. It docht bliken dat de hiele erfenis nei Hero giet. Boppedat hat de twilling noch wat út te fjochtsjen. Se falle op deselde frou: Andrea Kalma.

Hein Jaap Hilarides is skriuwer en muzikant. Hy is berne yn St.-Jabik. Syn âlden hienen in boubedriuw. Hy wenne yn Ljouwert en Grins, dêr’t er it Van Hall Ynstitút die, en yn Amsterdam. Oan de UvA helle er syn doktoraal foar Frysk.


296 siden, paperback

ISBN: 9789056154097

Utjouwerij Bornmeer

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789056154097

Ek fan dizze auteur