Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De Traveliers - Yslik aktyf

De Traveliers - Yslik aktyf

Auteur: Anny de Jong

Normale prijs: € 12,50

Special Price € 2,50

Snel Overzicht

De Traveliers, in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf.
OF

Details

'Allegearre út de gongen,' brult er yn de ynterkom. Dan begjint er te sprinten. As George de beide tassen te pakken hat, fljocht er by de smelle treppens op mei yn elke hân in tas. It horloazje oan syn linkerpols tikket de lêste sekonder fuort. Hy rêdt it net. Mei de longen op knappen draaft er oer it dek. Mei in swaai goait er de beide rêchsekken oer de reling. Se bliuwe in skoftke driuwen. Dan ferdwine se yn it wetter. It duorret noch alve sekonden as mei in knal it wetter omheech spuitet.

De Traveliers, in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789062738052

Ek fan dizze auteur