Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De Traveliers - Spoaren!

De Traveliers - Spoaren!

Auteur: Anny de Jong
€ 12,50

Snel Overzicht

Op wintersportfakânsje yn Finlân. Ticht by de grins mei it grutte Ruslân blike der noch altyd spanningen te wêzen tusken beide lannen.
OF

Details

'Jimme hawwe by it fleantúch west.' Hidde ropt fuort fan: 'No.' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jimme fingertaasten fûn.' De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe...'

De Traveliers, in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar allerhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789062739196

Ek fan dizze auteur