Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De Traveliers: Kantsje board op Kurasao

De Traveliers: Kantsje board op Kurasao

€ 12,50

Snel Overzicht

De Traveliers, in searje spannende en nijsgjirrige boeken.
OF

Details

De Traveliers, in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Dit kear binne se op Kurasao.

Mei in stampende pineholle wurdt Hidde wekker. Syn mûle fielt droech oan en hy hat slim toarst. Fernuvere sjocht er om him hinne. Alles is wazich. “Wêr binne we?”
Alhoewolt’t it skimerich is, wit er dat de nacht foarby is. Troch de yngong skynt it sinneljocht, it docht him sear oan de eagen. De grûn dêr’t er op leit is kâld en hurd, rotsen! De lucht fielt damp oan, Hidde huveret. Dan sjocht er nei syn suske. Dy leit mei de eagen ticht njonken him. “Fardau! Fardau!”

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 6273 245 6

Ek fan dizze auteur