Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De Traveliers - In flitsend hûntsje

De Traveliers - In flitsend hûntsje

Auteur: Anny de Jong

Normale prijs: € 12,50

Special Price € 2,50

Snel Overzicht

Yn de rige De Traveliers is it tredde diel ferskynd. Yn In flitsend hûntsje fan Anny de Jong reizget de famylje Traveliers nei Skotlân om nei de famylje ta. Sheepdogs en sheepdogtrials meitsje der in aventoerlike en ynspannende reis fan. En wat hat dy âlde freon fan heit Marten der mei út te stean?
OF

Details

It duorret in ivichheid foar't Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: Sweep is fuort.' Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt. 'Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy der noch?' Hugh skodhollet. 'Dan is der dus net mei Swan oan it gekjeien. Wy geane it fjild oer om te sykjen. Miskien leit er wol ergens oars.' Hugh sjocht syn mem bang oan. 'Dat leaut mem sels net. Sweep giet noait, noait by de auto wei!'De Traveliers, in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om ‘e hoeke leit.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789062738052

Ek fan dizze auteur