Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De speurtocht fan  'e Vrijheid

De speurtocht fan 'e Vrijheid

Normale prijs: € 11,00

Special Price € 5,00

Snel Overzicht

De aventoeren fan Kaptein Rob
OF

Details

Goed tweintich jier lyn is midden op 'e Atlantyske Oseaan in stomboat fergien, in Nederlânske keapfarder, dy't neat te hecht wie. Der binne mar twa dy't it libben derôf rêde: de kaptein Wouter Sybrandsz en ... syn pakesizzer Paula. Sybrandsz wurdt op 't lêst oppikt troch in foarbyfarrende skoender, mar at er yn in sikehús oan 'e wâl lang om let wekker wurdt, is syn pakesizzer fuort. En nea kriget er ek mar ien berjocht fan it famke, oant  in befreone stjoerman fan 'e grutte feart him op in dei in foto beskikt fan in skoender dêr't in jongfaam fan omtrint tweintich jier op stiet...

Koart dêrnei komt de âlde Sybrandsz yn kontakt mei kaptein Rob. Hy hat in protte heard oer dy swalker oer de wrâldseeën en hy freget him om yn it gebiet fan 'e Karibyske See op 'e sneup te gean nei it skip dêr't syn pakesizzer hooglik op omfart. It slagget Rob om de faam te finen, al is 't ek nei gâns spannende aventoeren. En de ein fan t ferhaal is dat Rob, dy't no al sa lang ienlik omskwalket mei syn sylskip... Mar nee, dàt fertelle wy hjir net, want dit ferhaal fan Kaptein Rob hat wol in tige ûnferwachts slot!

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 90 75013 16 7