Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De skippers van de Kameleon

De skippers van de Kameleon

€ 8,95

Snel Overzicht

De skippers van de Kameleon, in strip fan Dick Matena
OF

Details

Stripferhaal troch Dick Matena, nei it boek fan H. de Roos

Hielke en Sietse wenje yn it Fryske doarp Lenten. Op in dei fynt de twilling in âld opdrukker dy't stykjen bleaun is yn de mar achter harren hûs. Mei help fan de motor fan in stikkene auto meitsje se der in sterke boat fan dêr't de fluchste speedboat net tsjin op kin. Dat is it begjin fan in soad aventoeren.

De schippers van de Kameleon fan H. de Roos ferskynde foar it earst yn 1949. Nei it earste diel folgen noch folle mear boeken mei Hielke en Sietse yn de haadrol. Sa groeide de Kameleon út ta de meast súksesfolle nei-oarlochske berneboekesearje fan Nederlân. De schippers van de Kameleon is wilens mear as hûndert kear werprinte en hat miljoenen minsken lêswille jûn.

Dick Matena (1943) is ien fan de ferneamdste striptekeners fan Nederlân. Hy makke stripbewurkingen fan ferskate romans lykas De avonden, Kees de jongen en Kort Amerikaans en fan berneboeken lykas Pietje Bell, Kruimeltje en Afke's tiental. Matena waard yn 2014 eare mei de earetitel Wereld Erfgoeddrager foar fyftich jier stripfakmanskip.

Frysk, stripferhaal, 48 siden, paperback

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 6273 264 7

Ek fan dizze auteur