Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De ridder fan Oei!

De ridder fan Oei!

Auteur: Lida Dykstra
Yllustrator: Natascha Stenvert
€ 7,50

Snel Overzicht

Lêsboekje Studio F, tema keunst
OF

Details

Yn dit boek betinke fjouwer bern in prachtige stunt om de juf fan har klasse oan in dûnsmaat te helpen. It is doarpsfeest en dan is der fan alles te dwaan yn de feesttinte. Foar de bern hâlde se in pyamabal. Dat betsjut dat alle bern yn ‘e pyama komme kinne om dan meielkoar te dûnsjen. De jûns is der in dûnsfeest foar de grutte minsken, mar dan yn gewoane klean.
Fjouwer bern, Brit, Hiske, Jort en Ben wolle har juf nei it feest ta hawwe. Der is ien probleem, juf hat net in man. Se freegje wat juf har dreamman is. Juf mei graach nei de film gean en lit de bern in poster sjen fan in spannende film en seit dat har dreamman ‘De ridder fan Oei’ is. De bern besjogge de poster hiel goed, mar hoe sille se dat oanpakke, want op it printsje sjogge de bern in ridder yn in harnas mei in aap op ’e nekke. En hy rydt op in grien hynder. Watfoar plan betinke Brit, Jort, Hiske en Ben om ‘de ridder fan Oei’ te finen? En wol juf wol dûnsje mei dy bysûndere ridder? Dat kinne jimme lêze yn dit spannende boek.

Lêsboekje by Studio F metoade, AVI E4M5, 48 siden, paperback

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 6273 822 9

Ek fan dizze auteur