Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De kâlde krústocht - Audioboek

De kâlde krústocht

€ 18,00

Snel Overzicht

Audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
OF

Details

Yn dit boek mei nije iisferhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Ûnderweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy't op syk binne nei frijheid, gelok en bettere tiden. En nei de útdaging dy't ek op it iis te finen is...

Sport
It is mear as in sportboek, it is in sosjaal dokumint fol hoop en wanhoop yn de krisisjierren, ferrie yn de oarloch, en fan leafde troch alle tiden hinne. En yn elk ferhaal lizze drama en humor perfekt by elkoar yn de slach.

Iisferhalen
Rasferteller Hylke Speerstra (1936) hat it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein yn boeken as Neaken en bleat foar de dokter en De oerpolder.
Der ferskynden earder iisferhalen fan him yn de bondel Op redens oer. (Ek as harkboek by Audiofrysk.)
Hy hat ferskate kearen meidien oan de Alvestêdetocht.

Ferhalen:
1. De triennen fan Eagmaryp
2. Boer en lânhearre
3. De leafde fan Woltsje Wybranda
4. It ferried
5. Let berou
6. De Alvestêdewidner
7. De koperjildman
8. De krústocht fan Bertus Hartman
9. Klúnhove
10. Jabik en Dieuwertje
11. De tocht fan 2018

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789460380372

Ek fan dizze auteur