Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De huodsjes fan Mata Hari - aksjeboek

De huodsjes fan Mata Hari - aksjeboek

Auteur: Lida Dykstra
Yllustrator: Natascha Stenvert

Normale prijs: € 14,95

Special Price € 4,95

Snel Overzicht

De huodsjes fan Mata Hari - Lida Dykstra en Natascha Stenvert
aksjeboek foar bern fan 4 oant en mei 31 oktober 2017
OF

Details

De huodsjes fan Mata-Hari

Lida Dykstra
Mei illustraasjes fan Natascha Stenvert

Aksjeboek foar bern fan 4 oant en mei 31 oktober 2017. Yn dizze perioade is dit prachtige boek te keap foar mar € 4,95, dêrnei wurdt de priis € 14,95.

Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy't yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?

Yn dit boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy't mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe't se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe't se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe't se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. 
En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy't as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

Auteur

De huodsjes fan Mata-Hari, skreaun troch de faak bekroande berneboekeskriuwster Lida Dykstra, is in ryk yllustrearre sjochboek fol autentike foto's en aansichtkaarten, mar ek mei skitterjende nije printen fan yllustrator Natascha Stenvert.

Útjouwerij: Wijdemeer

ISBN: 9789492052377

Leeftyd: 10+

36 bledsides, ynbûn

 

 

 

 

 

 

 

 

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789492052377

Ek fan dizze auteur