Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De Hobbit - lústerboek

De Hobbit - lústerboek

€ 20,00

Snel Overzicht

De Hobbit - lústerboek
OF

Details

De Hobbit - lústerboek


Dit klassike 'berneboek foar folwoeksenen' fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dy't de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset.

De Hobbit

It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op 'en paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Ûnder de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêr't Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.


Ynlisfel: Kaart fan Thror en kaart fan de Wyldkriten, mei de reis fan Bilbo Balsma.

De linige oersetting is fan Anne Tjerk Popkema fan Grins.

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee

Ek fan dizze auteur