Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De fûgelklup

De fûgelklup

Auteur: Thys Wadman
Yllustrator: Natascha Stenvert
€ 7,50

Snel Overzicht

Lêsboekje Studio F, tema: natuer,
OF

Details

Jorrit en Philo fine in fûgeltsje op it trottoir. “Is er dea of soe er sliepe?”, freget Philo.
“Nee, fûgels sliepe net op it trottoir, dat dogge se yn in beam. Dizze is dea”, seit Jorrit.
De jonges beslute om it bistke te begraven. Op in sêft wattebedsje yn in doaske kriget er in moai plakje. Achter in strúkje yn ’e tún. En Jorrit sprekt it fûgeltsje ek noch efkes ta. Hoe soe it komme dat it fûgeltsje deagien is?
“Wy kinne wol in fûgelklup begjinne”, seit Philo dan. “Sike fûgels helpe en fûgels dy’t honger ha.” Dat dogge se. Fûgelklup It Fearke. Mar by de doarren lâns en om bôle freegje ferfeelt gau. As se no ris foar de televyzje komme koene by Mieke yn Studio F. Dan kinne se freegje oft de minsken bôle bringe wolle. Soe Mieke helpe of kin dat samar net? Foar fûgels soargje is moai, mar oare bisten binne fansels ek leuk. Hûntsje Jimmo fan buorfrou Wytske bygelyks. Hoechst gjin iten foar him te sykjen, want hy kriget gewoan brokjes. En kinst him aaie en mei him kuierje. Wat is eins moaier, in fûgelklup of in hûneklup?

Lêsboekje by Studio F metoade, AVI E4M5, leeftyd 7+, 40 siden, paperback

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 6273 821 2

Ek fan dizze auteur