Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De fertelbeam

Meer Views

  • De fertelbeam
  • De fertelbeam
  • De fertelbeam

De fertelbeam

€ 12,50

Snel Overzicht

De fertelbeam is in berneboek oer rouferwurking.
OF

Details

Foks hat in lang en lokkich libben hân, mar no is er wurch. Hy sjocht noch ien kear nei syn dierbere bosk en docht syn eagen ticht. Foks falt yn 'e sliep. Foar altyd.
De oare bisten yn 'e bosk misse harren freon en komme byinoar om de moaie oantinkens oan foks meiïnoar te dielen. Samar ynienen groeit der op it plak dêr’t foks begroeven leit in lyts plantsje. By elk oantinken wurdt it plantsje grutter en moaier, oant der in grutte beam midden yn 'e bosk stiet. In beam fol mei oantinkens.

Dit werklik prachtige boek is no ek yn it Frysk ferskynd. Dit fjouwerkante printeboek mei in leaf en treastend ferhaal en prachtige yllustraasjes giet oer oantinkens dy’t efterbliuwe as der ien dy’t wy leaf hawwe dea giet. It is in sfearfol posityf ferhaal dat oanslút by de belibbingswrâld fan bern. In moai boek om te lêzen mei dyn bern en om der tegearre oer nei te praten.

De fertelbeam, berneboek oer rouferwurking. Frysk, 28 siden, ynbûn, leeftyd: 4-8 jier, rouferwurking

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789062739813