Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De ferjilder

De ferjilder

€ 9,95

Snel Overzicht

De ferjilder
Marten Toonder
oersetting Harke Bremer en Jarich Hoekstra
OF

Details

De ferjilder - kadoboek 2015

By online bestellen fan 11 o/m 30 septimber 2015, it boek net oanfinke, jo krije it automatysk tastjoerd as jo in oar boek keapje.*

It kadoboek "De Ferjilder" giet oer jild. It is in oersetting troch Jarich Hoekstra en Harke Bremer fan "De Vergelder" fan Marten Toonder en fergees by oankeap fan in Frysk boek oant en mei 30 septimber.* Los te keap foar € 9,95.

"De Ferjilder" is in boek yn  stripfoarm mei ien fan de aventoeren fan de hear fan stân, Ollie B. Bommel. Diskear wurdt hy troch syn buorfrou útdage om dochs ris te wurkjen foar syn jild. Hy komt yn oanrekking mei in jildmasine, in Ferjilder. In masine dy’t alles te jilde makket wat men der yn docht. Nei allerhanne omswervingen en aventoeren komt Bommel nei ôfrin ta de folgjende konklúzje as er syn buorfrou juffer Oeke útnoege hat foar it jûnsiten:
‘Troch jo bin ik hurd oan it wurk gien, sa hurd dat ik ferhurde, sûnder dat ik it trochhie. Sadwaande haw ik der foar soarge dat de dief fan myn útfining de erkenning krige, dêr’t de útfiner rjocht op hie, trochdat ik derfoar soarge hie dat de dief gjin dief wie, omdat er patint op de de dieverij krige hie.’ Mei as einkonklúzje: ‘Men kin as hear folle better yn stilte goed dwaan.’

Utjouwerij:  Le Chat Mort
ISBN:  9789075013559
Skriuwer : Marten Toonder
Tal siden: 82

*  sa lang 't der foarried is

Oanfoljende ynformaasje

ISBN Nee

Ek fan dizze auteur