Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De deikoersen fan Remco

De deikoersen fan Remco

Auteur: Bart Kingma
€ 8,50

Snel Overzicht

De deikoersen fan Remco
jeugdboek fan Bart Kingma
OF

Details

De deikoersen fan Remco
Jeugdboek fan Bart Kingma

Remco Heeringa (14) wol profesjoneel hurdfytser wurde. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan gebeurt der slim ûngelok en liket Remco's dream yn reek op te gean.
Wat moat hy no? Hurd wurkje om wer hielendal better te wurden, hoopje dat it wer hielendal goed komme kin? Of is it better om net mear te tinken oan de fyts en him te rjochtsjen op skoalle en in gewoan libben? Dat is de fraach dêr't Remco foar komt te stean.

De deikoersen fan Remco is in boek dat in relaasje hat mei de skoaltelevyzjesearje De Koers fan Omrop Fryslân. Yn De Koers hat Remco in belangryk plak, yn De deikoersen fan Remco komt syn echte ferhaal oan it ljocht.

Frysk, paperback, 88 siden

Lês hjir de resinsje fan Jelma Knol oer 'De deikoersen fan Remco'

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 94 92176 14 1

Ek fan dizze auteur