Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

De Belvedêre

De Belvedêre

Normale prijs: € 17,50

Special Price € 7,50

Snel Overzicht

In roman fan Gysbert Japicxwinner Durk van der Ploeg.
OF

Details

Age Looxma-Ypeij libbe fan 1833 oant 1892. As grutgrûnbesitter wied er ien fan de rykste minsken fan syn tiid. Finzen yn in aristokra-tyske tradysje, waard fan Age ferwachte dat er in wichtige rol spile yn it maatskiplik libben.
Mei syn porslein- en muntesamling, it Bosk fan Ypeij en de huzen by Vijversburg hat er nei syn dea Fryslân skatten neilitten. Dizze nijste roman fan Durk van der Ploeg giet oer de neidagen fan Age Looxma-Ypeij syn libben, as er de lêste hân leit oan syn testamint en geastlik de balâns opmakket.
Dêrnjonken spilet syn twaslachtige hâlding foar Helena Mallinckrodt oer in wichtige rol yn it ferhaal. Helena wie de eardere selskipsdame fan syn mem Baudina. De fraach oft der plak wie foar in grutte leafde yn Looxma syn libben, foarmet de waarme en dynamyske ûndertoan fan dizze roman. Mei grut psychologysk ynlibbingsfermogen lit de skriuwer sjen wêrom’t Age Looxma-Ypeij sa yn himsels fertize rekke.

Yn 2011 waard de Gysbert Japicxpriis oan Durk van der Ploeg takend foar syn folsleine oeuvre. De skriuwer hat de lêste tsien jier benammen bekendheid krigen mei syn grutte histoaryske romans Foarby it Boarkumer fjoer (2002), It himelsk oerwurk (2007) en De kjeld fan it noarden (2010).

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789033003141

Ek fan dizze auteur