Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Brek dyn klank

Brek dyn klank

€ 15,00

Snel Overzicht

Brek dyn klank
OF

Details

Brek dyn klank.

Brek dyn klank is poëzij, skreaun troch in heit foar syn bern, dêr’t it libben trochhinne gien is. Taal, tusken langst en ferlies, begjin en ein, is net ûnskuldich mear, mar jout sawol omearming as ferantwurding. Taal dy’t fertart is feroare yn taal dy’t tsjûget fan ferynderliking. Hjir sprekt in dichter dy’t wit wat er fan it libben ferwachtsje mei, en foaral wat nét, wiis wurden troch eigen ûnderfining.

 It earste skift ‘Noardlike elegyen’ is in Genesis yn it lyts: in tebeksjen op in begjin yn in lânskip, in kultuer, in skiednis. Yn de skiften ‘De krusen en de mollen’ en ‘De wurden en de kleuren’ jout in heit syn bern op yn it moed taastende wize in ferline en in takomst. It fjirde skift beslút de bondel mei de opgong en delgong fan in leafde, ôfskied, betinking.

 It is de taal sels dy’t de haadrol spilet: dy’t, ôfwikseljend beitel en lyts ljocht, bleatleit, befrijt en bewarret. Foarmtechnysk is Brek dyn klank in klassyk foarmjûne bondel, fol rigen en oarder en firtuoas komponearre klank. Yn it oeuvre fan Abe de Vries ferskynt Brek dyn klank sawol in hichte- as in einpunt: it aksint dat ôfslút en plakrommet foar in nij begjinnen.

Auteur : Abe de Vries

Utjouwer : Gerben Rypma Stifting 2015

64 siden

Ynbûn

 

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 9789081581820