Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

BBQ - buitenkoken mei Reitse

BBQ - buitenkoken mei Reitse

€ 24,95

Snel Overzicht

BBQ - buitenkoken mei Reitse, 65 resepten mei Fryske streekprodukten troch Reitse Spanninga
OF

Details

Yn dit boek nimt Reitse Spanninga de lêzer mei yn de wrâld fan bûten itensieden.

65 resepten (yn it Nederlânsk) mei fisk, ferskate soarten fleis en fegetarysk. ‘Al jierren ûntfang ik op ’e Jouwer kursisten om harren de lytse kneepkes fan it BBQ’en by te bringen. Ik ha se stik foar stik ynfekteard mei it firus fan bûten itensieden! Ik bin in oprjochte Fries en dêrom ek echt in bûtenminske. Maitiid, simmer, hjerst, winter, it makket my net út, ik wol bûten itensiede! It is ûntspannend, ûnthaastjend en hearlik wannear’t jo lekker bûten sûn iten siede kinne. Ik sjoch myn BBQ dan ek as in ferlingstik fan myn keuken’.

Yndield yn tapas, foar-, haad- en neigerjochten, bygerjochten, basisresepten, gerjochten fan de smoker en resepten foar moarnsiten. Mei ynformaasje oer bbq’s: gas, briketten of elektrysk en ferskate bbq-techniken. Reitse Spanninga is restauranthâlder op ‘e Jouwer fan restaurant ‘t Plein en hat jierren in televyzjeprogramma oer itensieden makke foar Omrop Fryslân.
Dit is it fiifde boek dat Afûk en Reitse Spanninga makke hawwe. Earder ferskynden Lekker ite 1 en 2, Lekker bûten ite mei Reitse en Lekker ite, 4 seizoenen lang.

Fotografie: Jurjen Backer Dirks
Vormgeving: Monique Vogelsang
Resepten binne yn it Nederlânsk, 152 siden,  ynbûn

Oanfoljende ynformaasje

ISBN 978 90 6273 445 0