Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Auteur

Margryt Poortstra

Margryt Poortstra

Margryt Poortstra (1953, Harns) groeide op yn Arum en Wytmarsum. Nei’t se har mulo-diploma helle hie, hat se op hafû-nivo noch in tal sertifikaten helle. Se hat yn Ermelo yn de swaksinnigesoarch wurke en kaam letter as sekretaresse by de RIAGG te wurkjen.

It berneboek Tolve huzen op it dak (1989) ferskynde by de Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (Afûk). Foar it manuskript fan Tolve huzen op it dak krige se yn 1989 de Afûk-jubileumpriis.Yn 1991 skreau se op fersyk fan de Stichting it Fryske Boek it boekewikegeskink: de novelle Nachtljocht. Tegearre mei Eppie Dam publisearre se yn 1990 de fersebondel Boulân.

1 Produkt(en)

Roaster  List 

1 Produkt(en)

Roaster  List