Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Auteur

Jelle Bangma

Jelle Bangma

Jelle Bangma (Snits, 1955) skriuwt gedichten foar jeugd en foar folwoeksenen. Njonken poëzy skriuwt er ek proaza, yn 1987 wûn er in Rely Jorritsma-priis mei in ferhaal en yn 1988 waard der in ferhaal fan him opnaam yn de bondel mei jongereinferhalen 'Skroei'. Syn earste boek foar bern 'Kamera klear … aksje', kaam út yn 1988.

Yn 2006 ferskynde it jongesboek 'Skoare by FC Top' en hy wûn dermei de Fryske berneboekesjuery 2008. Jelle Bangma hellet de ûnderwerpen foar syn berneboeken út de tiid fan no, hy wol dêrmei ticht by de belibbingswrâld fan bern komme te stean.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de skriuwer.

3 Produkt(en)

Roaster  List 

3 Produkt(en)

Roaster  List