Wolkom yn de Afûk webwinkel

Winkelwein:

0 produkten - € 0,00
Jo winkelwein is leech.

0

Auteur

Itty Sluis

Itty Sluis

Itty Sluis-Nijdam (1939 - 2011) brocht har bernejierren troch yn har bertedoarp Akkrum. Begjin jierren tachtich skreau se koarte ferhalen dy’t publisearre waarden yn Hjir, Trotwaer en Frysk & Frij. Yn 1991 krige se in Rely Jorritsma-priis foar har ferhaal ‘De spear en de fûgel’.

Yn 1994 wûn Itty Sluis de troch it Skriuwersboun útskreaune esseewedstriid (ta gelegenheid fan syn 25-jierrich jubileum), mei har essee ‘It Park Fryslân’. Trije jier letter waard har essee ‘It feest fan de leafde’ bekroane yn de troch Provinsjale Steaten útskreaune esseewedstriid. It ferskynde yn de sammelbondel mei bekroande essees It obstakel fan ’e ferbylding.

Der binne gjin produkten dy't oerienkomme mei dizze seleksje.